Friesland - 04-12-2020

 

(Aleuria aurantia)

Column

Sake P. Roodbergen

 

“Fluoresearjend oranje”, sa beskreau Joke de kleur fan de swam. De poddestoel groeide yn it groffe donkere grint yn de tún. Har moaie foto is al acht jier âld; de opfallende swam hat him net wer sjen litten..

 

Dat is typysk foar elke swam: ûnfoarspelber!  Dat aparte gedrach fan dizze libbensfoarmen hat ek meibrocht dat se yn it ferline wolris wat erchtinkend besjoen waarden. De nammen Duvelsaai en Hekseboltsje herinnerje oan âlde  tiden. De wrâld fan de poddestuollen en oare swammen is fassinearjend foarmryk en kleurryk. Ekologysk sjoen binne se ûnmisber. Wat en wa soe oars de tûzenen kilo’s hjerstblêden opromje moatte? Eefkes in leske Biology. Dat wer ôfbrekken, dêr soarget de natoer séls foar. It is it ferneamde selsreinigingsfermogen fan de Natoer. Om dy funksje wurde poddestuollen en swammen wol Redusinten neamd (oprommers, ôfbrekkers). Alle griene planten (krûdachtige en houtige) binne de Produsinten; sy meitsje enerzjyrike sûkers (glukoaze) fan wetter (H2O) en koaldiokside (=koalsoergas=CO2). Dat bart yn griene kerreltsjes yn elke libbene plantesel dy’t yn it (sinne)ljocht is. It proses hjit fotosynteze. En alle plante- en fleisiters binne Konsuminten.

 

Dat leger fan poddestuollen en swammen (gauris poddestuollen sûnder stâle) telt yn ús lân krapoan seistûzen ferskillende soarten. It is dus in aardige hobby om dêr yn corona-tiid mei te begjinnen! En it nammejaan is tsjintwurdich in ‘makkie’, ‘een fluitje van een cent’. Jo ynstallearje de fergese app Obsidentify op de smartphone (myn broer neamt him snoadfoan), meitsje in foto en de rest folget fansels. In nij digitaal wûndermiddel foar elk minske om krûdachtige planten, beammen, fûgels, flearmûzen en flinters, kevers en krobben mei op namme te bringen. Jo kinne sels tuskentroch de foto noch ferbetterje..

 

Ik koe net tsjin Joke sizze: hy kin noch komme. Foar dizze prachtige bekerswam is de tiid dit jier foarby. Mar.. wa wit: it oare jier. Hy kin al yn july sjoen wurde.

 

Boarne: natoergids Poddestuollen (Utjouwerij Wijdemeer, 2019)

 

Tekst Sake P. Roodbergen; foto Joke Zeemans

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER herfst-activiteit-(2)
23-09-2026

Pretmakers - Herfstvakantie knutselactiviteit

LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen