Friesland - 19-08-2022

 

(Kolibrievlinder, Macroglossum stellatarum)

Column

Sake P. Roodbergen

 

Yn myn natoerkollum fan juny kaam hiel efkes in lid fan de groep fan de Pylksturten op it aljemint: de moaie Oaljefantsflinter dy’t yn it Hollânsk Groot avondrood neamd wurdt. Ien fan de bestowers fan de Nachtpit (Teunisbloem), sa waard skreaun. De lêste wiken komme fan ferskillende kanten meldingen fan de Kolibryflinter, ien fan de meast bysûndere fan dizze moaie groep fan de Pylksturten.

 

Dizze groepsnamme komt fan de hurde pylk boppe-op it ein fan de sturt fan de dikke rûp. De measte Pylksturtflinters fleane nachts. Nachtflinterers moatte somtiden op it djippe tsjuster fan nei tolven wachtsje foardat dizze grutte nachtflinters op it wite lekken ferskine. Mar de Kolibryflinter wurdt ek gauris oerdei sjoen: it is in saneamde dei-aktive nachtflinter. De Kolibryflinter wurdt it measte sjoen as er -sa as it liket: bewegingleas- foar in blom stiet en mei syn tige lange tonge nektar opsûcht út de djipte fan de blom, lykas in Petunia of Lavendel, of –meastentiids yn it suden: Miedesealje (Veldsalie) (sjoch foto).

 

Der binne mar in pear oare bistesoarten dy’t dit keunstke fan it bewegingleas sweevjen ek kinne. Dat binne de flearmûs, de sweefmich en fansels de kolibry’s, de fûgeltsjes. Dy tredde groep komt yn ús lân net foar, de earste twa wol. Dizze ‘act’ kostet in protte enerzjy en dêrom moatte se in protte nektar drinke of oar enerzjyryk fiedsel ite.

 

Mantsje en wyfke fan de Kolibryflinter libje foar in flinter relatyf lang: sa’n tsien oant tritich dagen. Der binne op de hiele wrâld goed tûzen Pylksturtsoarten. De measten libje yn de tropen en subtropen. Yn Nederlân libje njoggentjin soarten; yn België tsien mear! De twa meast talrike binne de Populierepylksturt en de Dinnepylksturt.

 

Boarne:

Natoergids Nachtflinters (Sake P. Roodbergen, Utjouwerij Wijdemeer 2016)


Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER img6875
25-08-2026

De Kletskous mode al 25 jaar een vaste waarde in Akkrum

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

LEES MEER img8494
12-08-2026

Nazaten van Folkert Kuipers op bezoek in Akkrum

LEES MEER pro-2v12l0u0
11-08-2026

Smûk by Sandra in Grou

LEES MEER knutselclub-a5-flyer-augustus
05-08-2026

Zomer activiteiten in augustus voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER image002
25-08-2026

Voel je dat je lichaam om rust vraagt?

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

LEES MEER gewoneoeverlibelvegelinsoord03
25-08-2026

Kantsitter

LEES MEER man-met-wandelstok
12-08-2026

Wêr bemuoist dy mei?

LEES MEER d3303f30-69b4-466b-9da8-bab5a6
12-08-2026

Thuisbatterij booming?

LEES MEER img5046bvanoyen
12-08-2026

Bakkeveen (3,5 tot 11 km)

LEES MEER sardinie-giovanni
12-08-2026

De tuin van Giovanni geeft moed

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen