Junymoanne, simmertiid
Friesland - 16-06-2021
Column
Sake P. Roodbergen
Yn in normaal jier is de moanne juny de earste moanne fan de simmer. Alles groeit en bloeit. De aaien binne út en de jonge pykjes groeie op. De winterske foertafels kinne oprêden wurde, want it is net mear sa kâld dat de bisten –en dan benammen de lytsere bosk- en túnfûgeltsjes- wat help nedich hawwe. Dochs is it aardich om noch wat troch te gean mei dat fuorjen, omt it op en om it foerplakje gauris in drokte fan belang is. In aardichheid. Yn ús tún, yn it fûgelhokje briede dit foarjier in Fjildmosk, yn it Hollânsk: Ringmus. Goed beskôge, aardich wat lytser as de gewoane Mosk, dy’t yn it Hollânsk Huismus neamd wurdt. De Fjildmosk kin dan ek simpelwei troch it gatsje dat foar de Blaumies (Pimpelmees) bedoeld is, en dat hat de mjitte fan 30 mm yn trochsneed. Foar de Blokmies (Koolmees) jildt 32 mm. De Fjildmosk is net allinnich wat lytser, ek de kleuren binne oars. It kopke hat in wyt wankje mei dêryn in dikke swarte stip. En om de hals in wyt kraachje. Syn kopke is brún, wylst it kopke fan de gewoane Mosk griis fan kleur is. Op dit stuit binne de jonge Fjildmoskjes fan de earste lêch al grut, binne al útflein en biddelje by de âlden om foer, triljend mei de flerkjes. Ek jonge mieskes fertoane har by de foerplanke en biddelje omraak, ek triljend mei de wjukjes.
Gruttere fûgels melde har ek yn de tún: Ekster en Ka (Kauw) bygelyks, en in inkelde kear in Roek. No net bepaald de soarten dêr’t wy it foer it meast oan gunne, mar alla, se hearre der ek by. Mear wille ha wy oan oare gruttere fûgels lykas de Klyster (Merel) en de Turkske toartel (Turkse tortel). It is tige apart dat dizze dowesoart wol op de alhiel iepen foerplanke komt, mar dat de gewoane Houtdo (Houtduif) nea te sjen is. Wol hearre wy yn ús wyk dizze âlderwetske do roppen, mar de Turkske it meast. Dizze wat lytsere do (sjoch foto) briedt elk jier by ús yn de tún of by de buorlju. Se hawwe mar in bytsje romte nedich en meitsje in nêst dat dy namme suver net fertsjinnet. De twa aaikes binne dwers troch it nêst hinne fan ûnderen te sjen. Guon buorlju hawwe ek wolris de Grutte Eksterspjocht op de foerplanke mar dat ha wy noch net meimakke yn de mear as fjirtich jier dat wy hjir no wenje.
Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum
Naar overzicht