Reduzum/Grou - 20-06-2022

 

Bistedokter

Column

Dierenartsverhalen van een Friese dierenarts

door Menno J. Wiersma

www.bistedokter.nl | menno@bistedokter.nl

 

Freark Smink hat syn ‘opus magnum’ nota bene nei syn santichste nochris ôflevere yn de foarm fan in magistrale teaterfoarstelling oer it boerelibben. It is lykwols net allinne de boer dy’t sintraal stiet mei syn hjoeddeiske problematyk as reade tried yn ‘Wat soesto!’. Famyljerelaasjes yn ’t algemien mei dy fan heit en soan yn ’t bisûnder en it ferskynsel ‘mantelsoarch’ spylje ek in grutte rol yn it toanielstik. Dêryn wurdt de skriuwer/akteur nochris fenomenaal bystien troch syn oare helte Klaasje Postma yn de rol fan demintearjende mem.

 

Werkenberheid is wat de taskôger benammen oansprekt. Sawol by boeren as boargers, sa docht bliken. It hat lykwols noch wol dreech kealle . Freark Smink hie nei in protte ûndersyk en neifraach ynearsten in hiel oar stik yn’e holle, mar skreau oantrune troch in ‘oanmoedigjende redaksje’ yn twadde ynstânsje in geweldige monolooch. In hiele lape tekst dy’t hy bewûnderingsweardich foar eigen rekken nommen hat. Alhiel oannimlik en oertsjûgend jout Freark stal oan in wrakseljende boer yn bjustere agraryske tiden. Hy docht dat mei gemak yn de persoan fan de tsien jier jongere boer Frâns. De bern binne it hûs út, syn frou is útnaaid en Frâns húsmannet tegearre mei syn ûnbehelplike mem op de pleats wer’t syn pake ek al buorke.

Mar tsjintwurdich moat hy folle mear kij melke dan syn heit en pake ea dien hawwe om de holle boppe wetter te hâlden. En Frâns is net by machte begryp te krijen op it feit wêrom saken gien binne sa’t se gien binne. Is it no syn skuld dat de fûgels en de blommen yn it fjild ferdwûn binne? Hy docht dochs sa syn bêst om it fee syn gerak te jaan! En is de boer wol debet oan de stikstofswierrichheid? It binne yn feite fragen wêrmei de skriuwer oan de kaak stelt wêrom hy syn eigen grutskens kwyt rekke is dat hy fan boerekomôf is.

 

Sa stelt hy dat ek yn retoaryske fragen oan syn publyk. Fierder as inkeld wat ynstimmende knikken smyt dat net op. Minsken belide ommers mei de mûle harren begrutsjen om it klimaat, de natoer en de krimp yn it bioferskaat wol, mar litte dat yn ’e supermerk faaks net blike fansels. Binne wy sadwaande net allegearre debet oan de drege sitewaasje fan de lânbou yn ‘t algemien en dy fan de boer yn ‘t bysûnder?

 

Mear as tweintich jier lyn ûntfongen wy Freark as Sybe Satellyt mei syn hûn ‘Sjef’ by ús op de praktyk foar Omrop Fryslân. Prachtich wie dat! It is moai om te sjen dat hy noch like fitaal, meislepend en oandwaanlik op it toniel stiet. Net om ‘e nocht is ‘Wat soesto!’ al twa kear yn ‘e prizen fallen. Net allinne de oansprekkende tekst, mar ek foaral it grutte akteertalint fan Freark én Klaasje sprekt ta de ferbylding. De ferdwûne grutskens fertsjinnet Freark sadwaande dûbeld wer werom mei dizze prestaasje. Foar wa‘t it stik noch net sjoen hat is der goed nijs. Yn septimber binne der nochris in oantal foarstellings yn’t foarútsjoch. In oanrieder, soe ‘k sizze!

 

 

 

Columns Bistedokter

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER naamloos-2
26-06-2026

Zomervakantie activiteiten voor Kids

LEES MEER praalwagenoptocht
26-06-2026

Hittebericht Praalwagenoptocht

LEES MEER 827b5772-3f6e-4cde-92e1-5e3dec
16-06-2026

Skûtsjesilen Beachfestival

LEES MEER weidumerhout-astrix-en-obelix
16-06-2026

WeidumerHout: De Asterix en Obelix van de Nederlandse Horeca

LEES MEER beleefvoorpag
02-06-2026

BELEEF Regio Heerenveen zomer 2026

LEES MEER a60f81a3-7e5a-4694-b223-e6ccdc
02-06-2026

Zon, muziek en flowerpower tijdens Sunshine Festival in Luinjeberd

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER tijd-juni-2026
16-06-2026

Stilstaan bij tijd

LEES MEER mirjam-bos-2
16-06-2026

De WBTR: moeten verenigingen en stichtingen vóór 1 juli 2026 in actie komen?

LEES MEER parttechniek2
16-06-2026

Het talent van nét genoeg doen

LEES MEER img7750bvanoyenlr
16-06-2026

Hemrik (12 tot 15 km)

LEES MEER laatste-verzorging
02-06-2026

Fakmanskip sjochst yn de details

LEES MEER mp-202611lr
02-06-2026

Operatie “Onder eigen dak”

LEES MEER img5409
02-06-2026

Angst moe

LEES MEER marlenasroczynska-puppies-2186
02-06-2026

Spoed kent geen feestdagen

LEES MEER boomblauwtjeakkrump1320214
02-06-2026

It Sprakelbeamblaujurkje

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen