Friesland - 16-06-2022

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

 

In protte wylde planten hawwe yn it Frysk in namme dy’t der op wiist dat wy yn in agraryske provinsje wenje. Se binne neamd nei in bist fan op en om it boerehiem of- lân. Moaie foarbylden binne Hynsteblom, Geiteburd, Bargeblom en Barchjeblom. In wat minder bekende is de namme Rûge fôleblom foar Gewoon biggenkruid, in algemiene, Hynsteblom-achtige plant yn de bermen fan fytspaden. It meast bekende foarbyld is lykwols it Koweblomke dat yn in Hollânsk Madeliefje neamd wurdt.

 

It Koweblomke is ien fan de meast betiid yn it jier bloeiende krûden yn de greide of yn it gers yn de tún. It plantsje lokket mei har stomoal en huning de betiidste ynsekten nei har ta. By dy ynsekten hearre ek soarten fan de groep fan de sweefmiggen: lytse ynsekten mei de kleuren giel en swart. Dy twa tinten wize yn de natoer gauris op gefaar. Te tinken falt oan de wespen dy’t ferfelend stekke kinne. Sweefmiggen kinne dat net; sy binne folslein ûngefaarlik. Sy hawwe gjin angel om te stekken en gjin bek om mei te biten. Se slikje fan de nektar en oan it stomoal.

 

Yn ús lân komme likernôch 330 soarten sweefmiggen foar, in ûnfoarstelber ferskaat oan ‘lytse bisten’. De lytsten fan de groep fan de sweefmiggen (Syrphidae) binne in pear millimeter lang; de grutsten helje krekt twa sintimeter. De namme sweefmiggen ha sy krigen omdat se letterlik stilstean kinne op oardel meter hichte boppe de grûn. Dat kin sekonden lang duorje. It bist liket dan wol in miniskule hovercraft; yn it Ingelsk wurde sweefmiggen dan ek hoverflies neamd. De flerkjes meitsje dan 250 slaggen yn ien sekonde! En dan ynienen sjitte se fuort. Gauris komme se nei sa’n útfal werom nei itselde plakje. Op de foto is in Gewoane pendelsweefmich (Helophilus pendulus) te sjen, dy’t op de blom fan in Koweblomke (Bellis perennis) sitten gongen is.

 

Boarne: natoergids Blommen, útjouwerij Bornmeer, 2013 (Sake P. Roodbergen)

Tekst en foto Sake P. Roodbergen

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

LEES MEER 20260831162243
08-09-2026

Doorstart Kringloopwinkel It Pakhûs blijkt een succes!

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER image002
25-08-2026

Voel je dat je lichaam om rust vraagt?

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

LEES MEER gewoneoeverlibelvegelinsoord03
25-08-2026

Kantsitter

LEES MEER man-met-wandelstok
12-08-2026

Wêr bemuoist dy mei?

LEES MEER d3303f30-69b4-466b-9da8-bab5a6
12-08-2026

Thuisbatterij booming?

LEES MEER img5046bvanoyen
12-08-2026

Bakkeveen (3,5 tot 11 km)

LEES MEER sardinie-giovanni
12-08-2026

De tuin van Giovanni geeft moed

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen