Poppenwier - 02-05-2022

 

It wie sawat in jier lyn op 'n moaie maitiids dei.
In dei as fiif dêrfoar hie ik in prachtige houten kist makke foar Jan.
Jan wie in frijgeselle man út it westen fan Fryslân, hie syn libben goed belibbe, mar hie ien handicap…

 

Hy wie ivich en altyd te let! Doe’t er berne waard, syn mem dy stie sawat op ploffen, hast trije wike oertiid. As peuterke, altyd krekt te let nei de wc, en dat hat er noch in hiel skoft folhâlden. Miskien hat er yn syn hiele skoalle carrière 4x op tiid west. En doet er letter in baan krige waard Jan mar ambtenaar by de Gemeente, dêr foel it net sa op. Jan hat nea trout west, ek te let.

Mar no wie Jan overleden, en ik moast Jan fan syn wenplak, in lyts plakje yn west Fryslân, nei syn bertegrûn bringe, in moai hôf tsjin de Grinse grins.

 

Der wie in protte folk want Jan hie in grutte family en in soad kunde. Alf oere dy moarns skoden we de kist mei Jan efter yn de auto. De flagjes der op, en der soe in stoet achter my oan fan hast 25 auto’s, ek allegearre mei flagjes sadat we goed herkenber wienen. Healwei talven rieden we en we mienden moai op tiid te wêzen. We soene om ien oere by it hôf wêze.

 

En doe, healwei de heak om Ljouwert, barde it, ik seach it al oankommen mar koe gjin kant út. In pear kilometer foar ús wie in frachtwein kantele en blokkearde de hiele wei. File. En sels in roustoet hat dan gjin privileges, dus we ha ús tiid en ús maach fult mei koffie en broadsjes, want de catering auto stie ek achter ús.

 

Uteinlik kamen we oardel oere te let by it hôf. De minsken dy’t dêr op ús wachten dy klapten, laken en rôpen hoera! Jan wie ommers altyd te let, en se hienen dit hast net oars ferwachte. Te let, sels op syn eigen begraffenis…

 

logo-de-kistemakker-(zwart)

 

De Kistemakker

Hindrik Ype de Vries

Marsherne 8, 9013CG Poppenwier

06 148 256 77 | info@dekistemakker.nl

www.dekistemakker.nl

 

 

Foto: Alexey Savchenko | Unsplash

 

Columns De Kistemakker

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER aankondiging-yn-en-ut-2026
04-11-2026

Yn en Út Poppenwier - 14/15 november

LEES MEER mastreechter-staar
25-10-2026

Kaartverkoop Mastreechter Staar in Akkrum loopt goed

LEES MEER stickerkaart
21-10-2026

Lokale Schatten stempelkaart + actie

LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER altijdakkrum

Columns Altijd Akkrum

LEES MEER logo-40-cm-dap-vergroot

Columns Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou

LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2

Columns Petra Eijer-Bakker

LEES MEER cover-spinnen-wantsen-en-sweef

Columns Sake P. Roodbergen

LEES MEER sigrid-de-vries

Columns Reisadviseur Sigrid de Vries

LEES MEER ismaellotz-berber

Columns Wandelen in de Regio - Berber van Oyen-Peenstra

LEES MEER leo-boermans

Columns Boermans & de Vries Uitvaartzorg

LEES MEER mirjambos

Columns Notariskantoor Mirjam Bos

LEES MEER kees-parttechniek

Columns Kees van den Bosch - Adviseur Technische Carrières

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen