Friesland - 09-03-2021

 

column

Doarpshilligen

troch Abe Westra, amateur-historikus

 

 

Yn de Midsiuwen wiene alle tsjerken oan in hillige tawijd. De alterstien hie in romte wêr’t in oerbliuwsel fan de hillige ynsetten waard. Nei de reformaasje yn 1580 wiene dy nammen net mear nedich.

 

Hoewol guon plakken de namme fan harren tsjerke yn eare holden hawwe. No by it yn stân kommen fan de Protestantske Tsjerke wurdt der fakentiids werom grypt op de âlde namme. Yn dizze searje binne we fan doel om , as it mooglik is, de namme wer nei foaren te bringen en út te sykjen wa’t de hillige wie en syn betsjutting.

We begjinne by hûs. De tsjerke fan Akkrum wie tawijd oan de hillige Laurentius of Sint Laurens.

 

Laurentius (ûngefear 225 Spanje – 256 Rome)

 

Laurentius hie en wichtige fûnkje yn Rome. Hy behearde de hillige boeken en it ark dat brûkt waard by de mis. Dêr by wie hy administrateur by it fersoargjen fan de 1500 earmen. Syn titel wie aartsdiaken.

Yn 528 set keizer Valerianus it kristendom bûten de wet. It doel dêr fan wie dat de keizer it besit fan de tsjerke brûke kin om in oarloch te fieren.

De tsjerke giet ûndergrûnsk fierder. As straf wurde der in tal diakens oppakt en fermoarde. Ek Laurentius is dêr by. De keizer lit him yn earsten libje. De keizer easket it besit fan de tsjerke op. Hy lit Laurentius frij om dit op te heljen. Neffens it ferhaal ferkeapet Laurentius it en dielt de opbringst ûnder de earmen út. Laurentius wurdt wer mei lege hannen oppakt. Hy wurdt martele. Hy wol neat sizze. Dan komt er foar de rjochter. Hy hat der foar soarge dat der in protte earmen stiene. Hy seit tsjin de rjochter: ‘Sjoch, dêr steane de skatten fan de tsjerke.’

Neffens it ferhaal is Laurentius roastere. Ek wurdt er wol sein dat hy ûnthalze is.

Syn nammedei is 10 augustus.

Hy is de patroan fan bibliotekarissen en de boekhâlders. Ek de earmen kine hin oanroppe.

 

 

Yllustraasje: In ôfbylding fan Laurantius yn in Sweedse tsjerke. ( Wiki Commons)

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER naamloos-2
26-06-2026

Zomervakantie activiteiten voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

LEES MEER whatsapp-image-2026-06-25-at-2
17-07-2026

Vernielingen bedreigen voortbestaan FietsVeerPont De Deelen

LEES MEER rouwkaart-alleen-condoleance-z
13-07-2026

Overlijdensbericht Rene Edelijn

LEES MEER vvakkrumst3
30-06-2026

SC Heerenveen - De Graafschap in Akkrum

LEES MEER 993fdfba-0ef1-43dc-b3bb-f99cb2
30-06-2026

15 jaar Skûtsjewike Grou

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER portretfoto-leo-boermans
02-07-2026

Zo kan het (gelukkig) ook

LEES MEER altijd-akkrum-ina-adv
02-07-2026

Ina Sterkenburg, havenmeester

LEES MEER foto-column-juni-2026
02-07-2026

Werknemer van de maand

LEES MEER bolderikeext260614p1390394
02-07-2026

De Reade roggeblom

LEES MEER tijd-juni-2026
16-06-2026

Stilstaan bij tijd

LEES MEER mirjam-bos-2
16-06-2026

De WBTR: moeten verenigingen en stichtingen vóór 1 juli 2026 in actie komen?

LEES MEER parttechniek2
16-06-2026

Het talent van nét genoeg doen

LEES MEER img7750bvanoyenlr
16-06-2026

Hemrik (12 tot 15 km)

LEES MEER mp-202611lr
02-06-2026

Operatie “Onder eigen dak”

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen