Heerenveen - 18-11-2020

 

De FNP yn de gemeente Hearrenfean wol dat de gemeente Hearrenfean in fûns oprjochtet foar sportferieningen en doarpshuzen dy’t yn de finansjele problemen komme troch maatregels fan de oerheid om der foar te soargjen dat it Covid 19 firus net fierder ferspraat wurdt. De fraksje tsjinnet hjirfoar moandei by de behanneling fan de begrutting foar 2021 in amendemint yn. De FNP wol foar dit fûns 1 miljoen euro reservearje.

 

Doarpshuzen en sportferieningen binne wat de FNP oanbelanget twa fan de wichtichste eleminten foar de mienskipssin sa oft we dy yn Fryslân kinne. Ek bepaalde sektoaren fan de ekonomy ha it op it stuit dreech. Tink mar oan de evenemintenbranche en foaral de hoareka. Mar neffens de FNP binne dit problemen dy’t lanlik oanpakt wurde moatte.

 

Mar wêr’t de lanlike oerheid gjin kompensaasje regelingen foar hat binne de sportferieningen en doarpshuzen en de MFA’s. Dizze sektoaren binne foar in grut part ôfhinklik fan de lokale oerheden. “Earder ha we as gemeente ek sjen litten dat wêr der fragen fan út de topsport binne we wol finansjeel byspringe wolle. Sjoch mar nei de Turnhal en Thialf. No it om de breedte sport giet moatte we ek sjen litte dat we der steane” stelt fraksje­foarsitter Ate Eijer.

 

Neffens de FNP moatte dêrom sawol sportferieningen as doarpshuzen by de gemeente oanklopje kinne foar finansjele stipe. Ate Eijer: “As gemeente ha we hjirfoar de mooglikheden troch in kompensaasje fan it ryk en ek is der foar 2021 noch in oerskot op de begrutting wêr’t we in berop op dwaan kinne”.

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER de-grou-mobyl
10-02-2026

Leerlingen Sevenwolden Grou halen € 2.500,- op voor De Grou Mobyl! GROU

LEES MEER briozeilmarathon-2025-wsv-onde
10-02-2026

37e Brio Zeilmarathon op 8 en 9 mei 2026

LEES MEER oanpakker-lamp
27-01-2026

Energieteam Aldeboarn bijna klaar

LEES MEER img1369
27-01-2026

Kapsalon Unique: een nieuw hoofdstuk

LEES MEER terhernster-veer
27-01-2026

Terhernster Veer zoekt schippers

LEES MEER 4-1-programma-2026-a4-flyer-ge
15-01-2026

Programma Sint Piterfeest 2026

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen