Friesland - 17-08-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Folle mear minsken as ik allinnich sille de gewoante hawwe om sieden fan planten út oare streken mei te nimmen om dy thús yn potsjes of in apart hoekje yn de tún út te struien. Omdat it sokke moaie kleuren wiene of sa’n aardich foarme blêd. It meast sil dat barre yn de neisimmer of betide hjerst want dan foarmje de measte planten sied. Gauris is dêr dan it folgjende jier hielendal neat fan werom te finen. En men realisearret him of har dat eins net iens want de handeling is allang fergetten.

 

En dan -ynienen- komt der ris in plant op dêr’t wy absolút de namme net fan witte. ‘It is al aardich dat sa’n plant it stadium fan bloei berikt, want meastentiids is it opkommende stâltsje noch sûnder blom by it wúdzjen al yn it doaske ferdwûn. Fuort dermei! Mar ik ha de niging om earst alles mar ris wat grutter wurde te litten. Sa kaam dit foarjier by ús oan de râne fan it stikje gers in plant omheech mei blêden mei in wat aparte foarm. Wy fregen ús ôf : “Hokker plant sil dat no wurde?” Hy waard heger en heger en krige blomknoppen. Tsjin juny oan kamen dêrut pearse blombedsjes tefoarskyn. Doe seagen wy dat it om Soldateknoop gong.

 

Mar net in gewoane fan in heale meter hichte, dizze is wol oardel meter! Bliid dat we him de kâns jûn hiene. It die bliken –en dat stiet ek wol yn de floara- dat it in geweldige ynsektetrekker is. Benammen hommels en bijen en sweefmiggen komme yn massa op ús kolossale Soldateknoop (Knoopkruid, Centaurea jacea) ôf. Mei it fototastel yn de hân rin ik gauris om de strúkachtige fegetaasje fan de plant hinne.

 

En okkerdeis ûntdutsen we wat aardichs. In ûngewoan flinterke tusken de hommels en bijen! In gielich lyts flinterke dat ik herkende as in groukopke-soart (dikkopje). Noch nea yn ús tún oantroffen. Wikipedia holp efkes by de determinaasje. It gong om in Swartteistergroukopke, mei de Hollânske namme Zwartsprietdikkopje. In aardich foarbyld fan hoe’t in frjemde plant syn eigen ekology oanlûkt.



Foto: Swartteistergroukopke (Zwartsprietdikkopje)

Boarne: Deiflinters en Libellen, Wijdmeer 2013

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER aankondiging-yn-en-ut-2026
04-11-2026

Yn en Út Poppenwier - 14/15 november

LEES MEER mastreechter-staar
25-10-2026

Kaartverkoop Mastreechter Staar in Akkrum loopt goed

LEES MEER stickerkaart
21-10-2026

Lokale Schatten stempelkaart + actie

LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER altijdakkrum

Columns Altijd Akkrum

LEES MEER logo-40-cm-dap-vergroot

Columns Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou

LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2

Columns Petra Eijer-Bakker

LEES MEER cover-spinnen-wantsen-en-sweef

Columns Sake P. Roodbergen

LEES MEER sigrid-de-vries

Columns Reisadviseur Sigrid de Vries

LEES MEER ismaellotz-berber

Columns Wandelen in de Regio - Berber van Oyen-Peenstra

LEES MEER leo-boermans

Columns Boermans & de Vries Uitvaartzorg

LEES MEER mirjambos

Columns Notariskantoor Mirjam Bos

LEES MEER kees-parttechniek

Columns Kees van den Bosch - Adviseur Technische Carrières

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen