Friesland - 09-10-2020

 

Column

Sake P. Roodbergen


In stikel (Hollânsk: distel) yn ’e bloei te sjen yn it agraryske lân is tsjintwurdich in útsûndering. Boeren hawwe net folle op mei ditsoarte fan wylde planten. Eartiids wie de situaasje oars. Mei in stikelstekker, in spesjaal stik ark waarden by’t hjerstmis en yn it foarjier de stikels út it lân helle. Tsjintwurdich wurdt dochs fanút in oar perspektyf nei de plant sjoen. Der is suver net in plant te betinken dêr’t mear ynsekten op ôfkomme as op stikels. En binnen de groep fan stikels binne der noch wer mindere en bettere foar it bioferskaat (Hollânsk: biodiversiteit).

 

De meast algemiene stikel is de Finnestikel (Hollânsk: Akkerdistel). De Fryske namme slacht op it plak dêr’t de soart it measte groeide: yn de finne deun by de pleats, it plak dêr’t it jongfee en de bargen omsloegen. It wie it plak dat fanâlds it rykst wie oan stikstof, en dat mineraal is foar de stikels wichtich. De twadde, de Spierstikel, komt folle minder faak foar. Dizze wurdt meastentiids heger as de Finnestikel, hat blomkopkes dy’t folle grutter binne en fan in oare, donkerder pearse kleur. In tredde soart is de Houtstikel (Kale jonker). Dy groeit graach yn skrale reidsodzen en blaugerslân; hy hat hege, neakene stâlen mei net sa folle, frij lytse blommen.

 

Yn de provinsjale stikelferoardering, dy’t yn ús provinsje in grûneigner ferplichtsje kin om stikels op te romjen, wurde dizze trije stikelsoarten neamd. Der binne folle mear mar dy komme lang safolle net foar. In bysûndere yn ús omjouwing is de Krolstikel, de Kruldistel. In stikelsoart dy’t kwa uterlik ynstiet tusken de Finnestikel en de Spierstikel. Hy groeit op in hiel inkeld plakje lâns de Leppedyk tusken Grou en Akkrum, en ek njonken it fytspaad dat by de Heafeart lâns rint fan de RW32 nei it easten, nei de brêge nei Gersleat (by it eardere kafee Ebbelaar). Blykber meitsje de blommen fan dizze stikel it measte (of lekkerste?) nektar, want it is tige opfallend dat dizze Krolstikel fierwei de measte deiflinters oanlûkt fan alle soarten stikels. Dan prate we oer talrike gewoane deiflintersoarten lykas Lytse foks, Deipau-each, Lytse fjoerflinter, en de Lytse en Grutte wite koalflinter (sjoch foto).

 

 

Tekst en foto Sake P. Roodbergen


 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER winterhavengrou
11 november 2025

Winterhaven Grou en nieuwe Wintervaarroute maken Friesland ook in de winter aantrekkelijk

LEES MEER img-20251104-wa0007
11 november 2025

Groot onderhoud in de historische tuin rondom Coopersburg

LEES MEER vv-akkrum-teamfoto
11 november 2025

VV Akkrum voelt zich thuis in de tweede klasse

LEES MEER chatgpt-image-28-okt-2025-1136
28 oktober 2025

Feest bij MiddelPunt, onze 400ste uitgave!

LEES MEER afbeelding-van-whatsapp-op-202
28 oktober 2025

Kinderopvang Boartershiem organiseert samen met de VOAN de 11 november optocht

LEES MEER hugo-clement-jgtprdnmgqc-unspl
28 oktober 2025

Dorcas stopt met inzameling kleding via huisdepots

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen