Friesland - 17-09-2025

 

Column

Sake P. Roodbergen

“Unsjoch of moai, it binne de lytse bistkes dy’t de wrâld on de gong hâlde. Wy soen dy fiere moatte en bewûnderje om harren wûnderlik moaie diversiteit”.

 

Dizze prachtige sin is opskreaun troch de Ingelske hommel-spesjalist Dave Goulson. Hy hat prachtige boeken skreaun oer de lytse bisten en harren betsjutting foar de natoer op ús wrâld. Al syn boeken binne yn it Hollânsk oersetten. Elke tiid fan it jier hat sa se=yn eigen lytse bisten. En in hiele protte binne yn it lytste túntsje te sjen. Maaie is de tiid fan de libellen en de kevers, juny en july fan de wespen, en de hjerst is de perioade fan de sweefmiggen. En fan de spinnen! Dy groep rommet alles wer op…

 

Persoanlik fyn ik de sweefmiggen hiel fassinearjend. Sa ryk oan foarmen en kleuren! En folslein ûnskuldich nei de minsk. Sweefmiggen hearre by de famylje fan de Syrphidae en by de ynsekte-oarder (‘orde’) fan de Twawjukkigen (Diptera, út te sprekken as di-ptera). Okkerdeis, yn de twadde wike fan septimber seach ik yn ús tún de Wite healemoannesweefmich (Witte halvemaanzweefvlieg), en in dei letter de Bline bij (Blinde bij) en de prachtige Stedsreus (Stadsreus), de grutste fan allegearre.

 

De Bline bij is yn ús lân de meast talrike. Neffens de kenners libje der yn ús lân mear as 330 soarten sweefmiggen. Spesjalisten hawwe der dikke boeken oer fol skreaun. Ien fan de wichtichste funksjes fan sweefmiggen yn de natoer is de bestowing. Dêr wiist de moaie sin fan Goulson boppe-oan ek op. Tegearre mei de bijen en hommels soargje sweefmiggen foar de bestowing fan krûdachtige planten en beammen.

 

Boarne: Spinnen, Wantsen en Sweefmiggen (Utjouwerij Wijdemeer, Dokkum; achtste natoergids fan de auteur)

 

Foto’s:

1 Wite healemoannesweefmich

2 Stedsreus

 

Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER herfst-activiteit-(2)
23-09-2026

Pretmakers - Herfstvakantie knutselactiviteit

LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

LEES MEER middelpunt-19-2026pagina08
23-09-2026

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkacties2026
28-10-2025

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Bezorger worden

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER ik-mis-je-mama
08-09-2026

Veertien jaar verder

LEES MEER parttechniek2
08-09-2026

Waarom vragen we pas wat iemand wil als hij vertrekt?

LEES MEER mirjam-bos-2
08-09-2026

Is het uitkeren van een erfdeel een schenking?

LEES MEER aukje-sereen
08-09-2026

Kom in je element!

LEES MEER plaatje-bij-column-sept-middel
08-09-2026

De stille revolutie van onderop

LEES MEER img8308bvanoyenliggend
08-09-2026

Leons-Jorwert-Baard (8,5 km)

LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen