Friesland - 09-12-2025

 

Column

Sake P. Roodbergen

De prachtige Sidesturt is in fûgel sa grut as in Protter (Spreeuw). Hy hat in rossich-brún fearekleed en by opwining set er in tûfe op! Om de eagen en ûnder de snavel is swart te sjen.

 

Swart is ek de kleur fan de wjuk mei strepen wyt, giel en stikjes rôze-read. De Sidesturt is in boskfûgel dy’t briedt yn de taiga, it gebiet fan tichte bosken yn Noard-Ruslân en de trije lannen fan Skandinavië: Noorwegen, Sweden en Finlân. De fûle kjeld en it opreitsjen fan it foer –benammen de beien fan lege planten- driuwe de fûgel by’t winterdei nei súdliker lannen.

 

En dan bedarret de boskbewenner sa no en dan ek yn ús lân. Somtiden giet it om in inkelde fûgel. Jan de Jong, de fûgelman fan de Ljouwerter Krante , fertelt dat eins elk jier wol in inkelde Sidesturt sjoen wurdt yn ús provinsje. En in inkelde kear giet it noch om in grutte mannichte ynstee fan ienlingen. Sa’n ynfaazje komt lang net elk jier foar. Yn 2004/2005 wie der sprake fan in echt grutte ynfaazje, fertelt de fûgelkenner.

 

Yn it ferline waard dizze opfallende gast der fan fertocht dat hy by’t winterdei sykten nei ús omkriten brocht. Hy waard dêrom yn ús lân yn it Hollânsk Pestvogel neamd. Lokkigernôch seagen de Friezen benammen de moaie foarm en kleur fan syn kuif en de kleurrike wjuktippe en achterliif. Hy krige dêrom de Fryske earenamme Sidesturt, dy’t wiist op de subtile, gielige bân fan it útein fan de sturt, dy’t –fan tichteby besjoen- skitterjend ôfstekt tsjin it waarme brún fan de sturt-ûnderside.

 

Tekst: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER herfst-activiteit-(2)
23-09-2026

Pretmakers - Herfstvakantie knutselactiviteit

LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER mp-202620pagina12
07-10-2026

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkacties2026
28-10-2025

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Bezorger worden

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER portretfoto-leo-boermans
07-10-2026

Even weg van de laatste groet

LEES MEER parttechniek2
07-10-2026

Hoeveel reistijd is normaal voor een technische baan in Friesland?

LEES MEER mirjam-bos-2
07-10-2026

Een stichting zonder bevoegd bestuur

LEES MEER foto-bij-column-2026-middelpun
07-10-2026

VerTEGENwoordigers

LEES MEER dsc9059bvanoyenlr
07-10-2026

Wommels (10 km)

LEES MEER nagels-lakken
23-09-2026

De laatste verzorging

LEES MEER schermafbeelding-2026-10-02-om
23-09-2026

Duurzaamheid en Thema-avond Thuisaccu

LEES MEER foto-column-september-2026
23-09-2026

Bloedbroeders

LEES MEER argusvlindergrouspoorlijn06081
23-09-2026

Argusflinter op Simmertiksel

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen