De Nutekreaker
Friesland - 18-11-2026
(Oranjetipke, Anthocharis cardamines)
Column
Sake P. Roodbergen
Anneke en ik herinnerje ús dizze wintergast fan in wat langere simmerfakânsje yn Switserlân. Wy gongen dan sneintemoarns nei in konsert yn de iepen loft yn de omjouwing fan Pontresina. En ien kear waard de Notekraker-suite fan Tsjaikovsky spile wylst de nutekreakers yn de tûken fan de beammen achter it poadium omboarten. In yndrukwekkend en ûnferjitlik barren!
Yn ús lân is de Nutekreaker (Notenkraker, Nucifraga caryocatactes) in ûnregelmjittige wintergast út noardlike kontreien. It is dêr in briedfûgel. De Nutekreaker hat in lingte fan likernôch 32 oant 35 sentimeter lingte, rûchwei it formaat fan in slanke Houtdo. De Nutekreaker briedt yn bosken. De tichtstbylizzende gebieten om de fûgel mei wat mear wissichheid by’t winterdei te sjen binne de Ardennen yn it easten fan België. Hy komt dan ek wol yn de bewenne wrâld yn de doarpen. Sy litte har dan maklik fan tichteby bewûnderje. De Nutekreaker ferstoppet syn fiedsel, de fruchten fan nutebeammen. Hy fynt se mei in wissichheid fan 80 prosint werom!
Boarne: Fûgels (Sake P. Roodbergen) Utjefte Steven Sterk
Naar overzicht


























