Friesland - 11-02-2026

 

Yn myn wurk as útfeartûndernimmer kom ik faak ticht by minsken. Mar soms komt in ôfskied sa tichtby, dat it my sels ek eefkes stil makket. 

 

Koartlyn mocht ik de útfeart fersoargje fan in frou dy’t op ’e dei fan har ôfskied ferfierd waard yn har eigen âlde Volvo. Gjin rou-auto, gjin swarte glâns, mar in auto dy’t al jierren by har libben hearde. In Volvo dy’t har man hiel lang lyn foar har kocht hie, foar it symboalyske bedrach fan ien gûne. In leafdefol, boartlik gebaar mei in djippe betsjutting - krekt sa’t harren bân wie. 

 

Wat dizze lêste rit noch bysûnderder makke, wie wa’t der foaryn sieten. De auto waard bestjoerd troch har skoansoan, mei har man - syn skoanheit - neist him. Twa manlju dy’t fan har holden, tegearre foaryn. Troch de krapte yn ’e auto moasten de stuollen sa fier nei foaren skood wurde, dat se mei de búk tsjin it stjoer en it dashboard oan sieten. Komfortabel wie it beslist net. Mar it die harren neat. 

 

Sûnder twifel makken se dizze lêste rit. Om’t it kloppe. Om’t dit háár auto wie. Om’t se har op dizze wize, sa persoanlik en eigen, noch ien kear begeliede woene. 

 

Doe’t ik dat seach, rekke it my. Net fanwegen de auto sels, mar fanwegen wat er fertsjintwurdige: leafde, dielde oantinkens, en de reeheid om ûngemak te fernearen foar wat der wier ta docht. It wie in lyts momint, mar grut yn betsjutting. 

 

Dit binne de mominten dy’t my wer befêstigje hoe wichtich maatwurk is by in útfeart. Net alles hoecht perfekt te wêzen of neffens de regels. Soms mei it in bytsje krap wêze. In bytsje ûnhandich. Salang’t it mar oprjocht is. 

 

Foar dizze frou fielde it ferfier yn har eigen Volvo as in passend en leafdefol ôfskied. In lêste rit, droegen troch minsken dy’t har fan tichteby koene - letterlik en figuerlik. 

 

En ik tink dat sy dat prachtich fûn hawwe soe.

 

Leo Boermans

 

Tel: 0515- 85 57 57

 

 

Columns Leo Boermans

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER herfst-activiteit-(2)
23-09-2026

Pretmakers - Herfstvakantie knutselactiviteit

LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER mp-202620pagina12
07-10-2026

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkacties2026
28-10-2025

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Bezorger worden

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER portretfoto-leo-boermans
07-10-2026

Even weg van de laatste groet

LEES MEER parttechniek2
07-10-2026

Hoeveel reistijd is normaal voor een technische baan in Friesland?

LEES MEER mirjam-bos-2
07-10-2026

Een stichting zonder bevoegd bestuur

LEES MEER foto-bij-column-2026-middelpun
07-10-2026

VerTEGENwoordigers

LEES MEER dsc9059bvanoyenlr
07-10-2026

Wommels (10 km)

LEES MEER nagels-lakken
23-09-2026

De laatste verzorging

LEES MEER schermafbeelding-2026-10-02-om
23-09-2026

Duurzaamheid en Thema-avond Thuisaccu

LEES MEER foto-column-september-2026
23-09-2026

Bloedbroeders

LEES MEER argusvlindergrouspoorlijn06081
23-09-2026

Argusflinter op Simmertiksel

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen