Kantsitter
Friesland - 25-08-2026
Column
Sake P. Roodbergen
Ien fan de meast algemiene libellesoarten is de saneamde Kantsitter. De Hollânske namme is Gewone oeverlibel. Mantsje en wyfke binne folslein ferkillend. Wyfkes en farske mantsjes binne giel fan kleur mei swarte strepen op de sydkant en rêch. Utkleure mantsjes binne hiel oars: blau mei in opfallende swarte achterliifspunt. Dizze patroanen jouwe de libel in idee fan rjochthoeken en fjouwerkanten.
De lingte fan dizze libellesoart fariearret fan 44 oant 50 millimeter. Oan it ein fan de fjouwer wjukken sit in swart flekje. Dit wurdt neamd: it pterostigma. It giet by de Kantsitter om in beweechlike libel mei fêste patroanen. Nei in snelle úthaal nei in konkurrint of flecht foar in minske, nimt er syn wênstige sitplakje op ‘e grûn wer yn - gauris op in opfallende stien of in útstekkend reid oan de sleatskant. Sa’n rêstplak kin jierren achterinoar troch ús Kantsitter beset wêze.
Boarne: Deiflinters en Libellen (Sake P. Roodbergen, Utjouwerij Wijdemeer 2015).
Naar overzicht



























