Friesland - 04-11-2026

 

Koartlyn foel myn each op in rouadvertinsje yn de krante fan in âlde bekende. Ik wist dat dizze man siik wie, mar dochs kaam syn ferstjerren ûnferwachts. Doe’t ik lies dat de útfeart yn besletten kring plakfine soe, stie ik efkes stil by it berjocht.

Fansels is dat in kar fan de famylje en dy respektearje ik. Dochs fernaam ik dat it my wat die. Ik hie graach syn neisten in hân jaan wollen, in wurd fan meilibjen útsprekke, mar ek sels noch efkes ôfskie nimme wollen fan dizze leave man.

It sette my oan it tinken. Sûnt korona is der in soad feroare yn de manier wêrop’t wy ôfskied nimme. Hieltyd faker fynt in útfeart plak yn besletten kring. Soms is der ek gjin gelegenheid mear om de famylje te kondolearjen.

Ik begryp dat in lyts en yntym ôfskied krekt wêze kin wat in famylje nedich hat. Dochs leau ik yn de wearde fan in kondoleânsemomint. In momint wêrop’t elkenien dy’t de ferstoarne leaf hie noch efkes dag sizze kin.
Yn myn wurk as útfeartûndernimmer advisearje ik famyljes soms om, neist in ôfskied yn lytse kring, ek in kondoleânse-momint te organisearjen. Net omdat it sa heart, mar omdat it wat goeds bringe kin. It is waam om minsken te sjen, in hân of in krûp te krijen en te fernimmen datst der net allinnich foar stiest.

 

Want it libben giet ek wer fierder. Do moatst wer nei de supermerk, de bern nei skoalle bringe. En krekt dêr kinst minsken tsjinkomme dy’t dy noch kondolearje wolle, omdat se dy mooglikheid earder net hân hawwe.


No’t ik sels gjin ôfskied nimme kin fan dizze âlde bekende, fielt dat frjemd.


Ofskied nimme is persoanlik. Der is gjin goed of ferkeard. Mar lit ús by it besprekken fan de mooglikheden ek tinke oan de wearde fan in momint foar alle minsken dy’t immen in waarm hert tadroegen hawwe.

 

Leo Boermans

 

Tel: 0515- 85 57 57

 

Columns Leo Boermans

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER aankondiging-yn-en-ut-2026
04-11-2026

Yn en Út Poppenwier - 14/15 november

LEES MEER mastreechter-staar
25-10-2026

Kaartverkoop Mastreechter Staar in Akkrum loopt goed

LEES MEER stickerkaart
21-10-2026

Lokale Schatten stempelkaart + actie

LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

LEES MEER te-dwaan-mp202621
07-10-2026

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkacties2026
28-10-2025

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Bezorger worden

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER altijdakkrum

Columns Altijd Akkrum

LEES MEER logo-40-cm-dap-vergroot

Columns Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou

LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2

Columns Petra Eijer-Bakker

LEES MEER cover-spinnen-wantsen-en-sweef

Columns Sake P. Roodbergen

LEES MEER sigrid-de-vries

Columns Reisadviseur Sigrid de Vries

LEES MEER ismaellotz-berber

Columns Wandelen in de Regio - Berber van Oyen-Peenstra

LEES MEER leo-boermans

Columns Boermans & de Vries Uitvaartzorg

LEES MEER mirjambos

Columns Notariskantoor Mirjam Bos

LEES MEER kees-parttechniek

Columns Kees van den Bosch - Adviseur Technische Carrières

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen