Friesland - 02-06-2026

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

In prachtich wurd foar scrabble: Sprakelbeamblaujurkje. Levert in soad punten op! Yn it Nederlânsk: Boomblauwtje. It is ien fan dy lytse blauwe deiflinterkes dy’t yn ús lân foarkomme. Mar leafst 27 ferskillende soarten binne te sjen, de iene wat lytser, de oare in pear millimeter grutter. Fan dizze groep binne 15 soarten stânflinter. De spanwiidte fan de wjukjes fariearret tusken de 30 en 40 millimeter. Der binne hiel gewoane en ek tige seldsume.

 

It Sprakelbeamblaujurkje is ien fan de gewoanste soarten, dy’t ek al betiid yn it foarjier fljocht. In twadde frij gewoane soart is it wat feller blauwe Ikarusblaujurkje, dy’t krekt wat grutter is. Hoe súdliker je komme hoe mear soarten blauflinterkes je tsjinkomme kinne.

 

De measte blauflinters binne gerslânflinters. It binne twaslachtige flinters: de mantsjes drage de blauwe kleur; de wyfkes binne mear brún. It Sprakelbeamblaujurkje kin yn elke tún foarkomme.

 

Dit blaujurkje is de betiidste fan de groep; al yn it begjin fan april sjogge je de earsten fleanen. It binne hastige fleaners; om har goed te sjen moatte se efkes sitten gean. Gauris rêste se op it griene blêd fan it algemiene Klimmerblêd (Klimop). Mar fansels ek op bloeiende planten fanwegen de huning en it stomoal.

 

Yn ús tún sitte se ek gauris op de giele blommen fan de frij hege Hertblêdsinneblom. Op de hiele wrâld binne mar leafst likernôch 5200 blaujurkjesoarten bekend; yn hiel Europa 120!

 

Nau besibbe oan de Blaujurkjes binne de Paazje-flinters. Dêrfan komme yn ús fiif soarten foar, alle fiif tige bysûnder: Grienjurkje (Groentje), Iperenbeampaazje (Iepenpage), Ikepaazje (Eikenpage), Brune ikepaazje (Brune ikepaazje) en de Krikelbeampaazje (Sleedoornpaazje). Fan dizze hânfol wurde benammen fan de lêste betiden aaikes fûn yn it uterste suden fan Fryslân.

 

Boarne: Deiflinters en Libellen (Sake P. Roodbergen, útjûn by Wijdemeer, Dokkum 2015)

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER img6875
25-08-2026

De Kletskous mode al 25 jaar een vaste waarde in Akkrum

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

LEES MEER img8494
12-08-2026

Nazaten van Folkert Kuipers op bezoek in Akkrum

LEES MEER pro-2v12l0u0
11-08-2026

Smûk by Sandra in Grou

LEES MEER knutselclub-a5-flyer-augustus
05-08-2026

Zomer activiteiten in augustus voor Kids

LEES MEER 003
17-07-2026

Pannenkoekenboerderij De Roos heeft het beste terras van Friesland

LEES MEER mp-202617pagina08
25-08-2026

Te dwaan YN MIDDEN FRYSLÂN

LEES MEER drukwerkacties2026
28-10-2025

Drukwerkacties Inclusief GRATIS Advertentie en/of Verspreiding

LEES MEER schermafbeelding-2021-12-21-om

Bezorger worden

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER man-met-wandelstok
12-08-2026

Wêr bemuoist dy mei?

LEES MEER d3303f30-69b4-466b-9da8-bab5a6
12-08-2026

Thuisbatterij booming?

LEES MEER koninginnepagezenegroenpayrac0
12-08-2026

Wilde Peen en Koninginnenpage

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-19-om
12-08-2026

Niet in de haak

LEES MEER img5046bvanoyen
12-08-2026

Bakkeveen (3,5 tot 11 km)

LEES MEER sardinie-giovanni
12-08-2026

De tuin van Giovanni geeft moed

LEES MEER parttechniek2
15-07-2026

Zoeken we mensen… of perfectie?

LEES MEER mirjam-bos-2
15-07-2026

De notaris en te boek gestelde schepen

LEES MEER foto-bij-column-juli-2026
15-07-2026

Overlijden in het buitenland

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen