Friesland - 23-07-2025

 

Column

Sake P. Roodbergen

De Stikelflinter is in wat heimsinnige deiflinter yn ús lân. In trekflinter dy’t fan fier komt, fan súdlik fan de Sahara yn Afrika. It heimsinnige hat ek te krijen mei de ûnfoarspelberens. Yn guon jierren wurdt dizze kleurrike grutte flintersoart in hiel soad sjoen; yn oare mar in lyts bytsje. Op 14 july waarden de útkomsten bekend makke fan de Flintertelling fan it wykein dêrfoar, fan 11 oant en mei 13 july. De ynteressante útslaggen fan dizze flintertelling –in jierliks barren- binne werom te finen op Google/Wikipedia ûnder Tuinvlindertelling 2025.

 

Grutte winners wienen de Nûmerflinter (Atalanta), mei 23.348 waarnimmingen, de Lytse wite koalflinter (Klein koolwitje), mei mar krekt wat minder: 23.214, en as tredde de Deipau-each (Dagpauwoog), mei 21.988. Dit trio stuts mei kop en skouders boppe alle oare 23 waarnommen deiflinters út. Nûmer fjouwer, de bekende giele Sitroenflinter bleau mei 9634 waarnimmingen, noch krekt ûnder de tsientûzen. Het oantal fan 940 telde tige bysûndere Keninginnepaazjes wie foar my in ferrassing. Dy opfallende deiflinter sjogge wy yn ús provinsje suver nea! Dochs groeie hjir wol aardich wat waardplanten fan dizze flinter, de Wylde woartel (Wilde peen). As nûmer 26 kaam de tige bysûndere Keizersmantel út de bus, in prachtige perlemoerflinter dy’t eins allinnich mar yn it uterste suden fan ús lân waarnommen wurdt. Der waarden dochs noch 126 eksimplaren fan sjoen.

 

De Stikelflinter waard 1540 kear trochjûn oan De Vlinderstichting. Anneke en ik seagen dizze ikoansoart op de Finnestikel (Akkerdistel) oan de kant fan de Boarn fuort by ús hûs. It is eins wat spitich dat in pear wiken letter dizze ekologysk weardefolle seame lâns de Boarn al meand waard.

 

De Stikelflinter naam plak 19 yn op de rige fan telde soarten fan 11 oant en mei 13 july. Der waarden 1540 telde eksimplaren fan trochjûn.

 

Tekst en foto's: Sake P. Roodbergen, Akkrum


Columns Sake P. Roodbergen

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER aankondiging-yn-en-ut-2026
04-11-2026

Yn en Út Poppenwier - 14/15 november

LEES MEER mastreechter-staar
25-10-2026

Kaartverkoop Mastreechter Staar in Akkrum loopt goed

LEES MEER stickerkaart
21-10-2026

Lokale Schatten stempelkaart + actie

LEES MEER nationale-spellenweek-poster-0
07-10-2026

Bibliotheek Akkrum-Nes brengt mensen samen tijdens Nationale Spellenweek

LEES MEER young-sanc
07-10-2026

Twee cheques uitgereikt op drukbezochte Parkmarkt

LEES MEER lokale-schatten-middelpunt-med
23-09-2026

Lokale Schatten: ontdek de parels van eigen bodem

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER altijdakkrum

Columns Altijd Akkrum

LEES MEER logo-40-cm-dap-vergroot

Columns Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou

LEES MEER photo-anya-petra-eijer-06752-2

Columns Petra Eijer-Bakker

LEES MEER cover-spinnen-wantsen-en-sweef

Columns Sake P. Roodbergen

LEES MEER sigrid-de-vries

Columns Reisadviseur Sigrid de Vries

LEES MEER ismaellotz-berber

Columns Wandelen in de Regio - Berber van Oyen-Peenstra

LEES MEER leo-boermans

Columns Boermans & de Vries Uitvaartzorg

LEES MEER mirjambos

Columns Notariskantoor Mirjam Bos

LEES MEER kees-parttechniek

Columns Kees van den Bosch - Adviseur Technische Carrières

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen