Friesland - 02-03-2023

 

Column

Sake P. Roodbergen

 

Okkerdeis sloech de wjerljocht yn, yn in Wylgebeam oan de Leppedyk by Akkrum, tusken it ein fan de Akkrumer bebouwing en de pleats fan Jentsje Geydanus. It wie goed rekke: ien fan de trije swiere stammen waard finaal kapotslaan, by de grûn omt ôf.

 

De Wylch is ien fan de talrykste beammen yn ús wetterrike lân. De Heukels’ Flora fertelt dat der yn ús lân mear as tsien Wylgesoarten foarkomme. Fan Krûpwylch en Krulwylch oant Laurierwylch en Katwylch. Plus noch tal fan basterts (hybriden), want Wylgen kinne ûnderling maklik kruse. En de krusingen binne wer fruchtber. Yn myn natoergids Beammen (Wijdemeer, 2019) haw ik fjouwer soarten Wylch opnommen.

 

Fanâlds is de Wylch yn ús lân in tsjinstbere beamsoart by de striid tsjin it wetter. Wylgen waarden keunstmjittich ferboud: oanplante en ferbettere. Alderhande helpmiddels waarden derfan makke, fan in einekoer, en simpele mattekloppers, oant yngewikkelde sinkstikken foar de oanlis fan de Ofslútdyk. Mei troch de opkomst fan keunststof rekke de Wylch út de graasje. Mar hjoed-de-dei is der sprake fan in opwurdearring fan dizze snelgroeiende beam mei in hege opbringst oan gewicht. Boppedat befoarderet de Wylch it bioferskaat (de ‘biodiversiteit’) yn hege mate. Mar leafst 800 soarten spinnen en ynsekten, lykas bijen, kevers, sweefmiggen en dei- en nachtflinters komme op wylgen foar (sjoch de foto fan in froulik wylgekatsje mei in Lytse foks, dy’t nektar snobbet).

 

Europeesk belied stipet de oanlis fan beammen yn de foarm fan hagen en strewellen, bygelyks lâns sleatten op boerelân. Renske Solkesz fan Blue City yn Rotterdam suggerearret sels dat de Wylch in rol spylje kin yn de problematyk fan de feangreiden: “Het telen van wilgen kan misschien een verdienmodel zijn als er geen koeien meer kunnen grazen op natte weilanden”, seit sy yn Trouw (9 febr. 2023). No kinne wylgeboskjes in skûlplak wêze foar Foksen en oare rôfbisten lykas Mûzebiters dy’t in greidefûgel as proai hawwe. Dêrfoar moatte dan adekwate oplossingen fûn wurde.

 

Boarnen: Trouw, 9 febrewaris 2023; Beammen (Wijdemeer 2019)

Tekst en foto: Sake P. Roodbergen, Akkrum

 

 

Columns Sake P. Roodbergen

 

 

 

Naar overzicht

Laatste nieuws

Meer Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER wk36-kletskous-195x139-def
08-09-2026

25 jaar Kletskous - Wie jarig is, trakteert!

LEES MEER bridge
10-09-2026

80 jaar Bridgeclub Akkrum

LEES MEER kidsbios
11-09-2026

KidsBios in Akkrum

LEES MEER 571661786123568152543109422195
08-09-2026

Handwerkcafé Grou viert 12,5-jarig jubileum tijdens Parkmarkt

LEES MEER 20260831162243
08-09-2026

Doorstart Kringloopwinkel It Pakhûs blijkt een succes!

LEES MEER schermafbeelding-2026-08-25-om
25-08-2026

42e editie OFK Slingeraap weer groot succes

Columns

Nieuws Archief Columns Recepten


LEES MEER ik-mis-je-mama
08-09-2026

Veertien jaar verder

LEES MEER parttechniek2
08-09-2026

Waarom vragen we pas wat iemand wil als hij vertrekt?

LEES MEER mirjam-bos-2
08-09-2026

Is het uitkeren van een erfdeel een schenking?

LEES MEER aukje-sereen
08-09-2026

Kom in je element!

LEES MEER plaatje-bij-column-sept-middel
08-09-2026

De stille revolutie van onderop

LEES MEER img8308bvanoyenliggend
08-09-2026

Leons-Jorwert-Baard (8,5 km)

LEES MEER rozenkrans
25-08-2026

Afscheidsrituelen

LEES MEER img4885
25-08-2026

Eilandhoppen

LEES MEER chatgpt-image-1-sep-2026-16253
25-08-2026

Toeters en bellen...

Over ons

Drukwerk en een website zijn het visitekaartje van uw onderneming. Of het nu gaat om kranten, folders, brieven, huisstijl of direct marketing. Als Media bedrijf weten wij dat en kunnen wij dit voor u verzorgen. Van opmaak, vormgeving, drukken tot en met distributie. Desgewenst kunt u de volledige verzorging van uw flyers of geadresseerd drukwerk aan ons uitbesteden.

Vragen?

Bel ons, stuur een e-mail of laat u terugbellen:

MiddelPunt Media

  • Vormgeving
  • Bestickering
  • Webdesign
  • Drukwerk
  • Verspreiding

 

Offerte aanvragen